Swimbad Haulerwyk wer iepen

30 apr 2011 - 11:07

Yn Haulerwyk is sneon it fernijde iepenloftswimbad Haulewelle offisjeel iepene. De ôfrûne twa jier is yn de wintermoannen wurke oan de nij- en ferbou fan klaairomten en kantine.

Ek hat it djippe bad in nije grintflier krigen omdat fan 't winter troch de froast de tegels los kamen te lizzen. It wurk hat 3 ton koste. Dat bedrach is der kaam mei subsydzjes fan de gemeente Eaststellingwerf en de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)