Legere omset Omrin

29 apr 2011 - 20:25

It bedriuwsresultaat èn de omset fan ôffalferwurker Omrin binne foarich jier ôfnommen. Dat docht bliken út de jierrekken, dy't freed troch de oandielhâldende gemeenten fêststeld is.

Der wie oer 2010 wol in posityf nettoresultaat fan sawat 4 miljoen euro, mar dat kaam foaral troch in fiskaal foardiel dat Omrin krige foar de REC yn Harns. De ôffalferwurker hie foaral lêst fan it legere ferwurkingstaryf foar gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)