Ljouwerter troch lint

© Omrop Fryslân
In man fan 22 is freedtemiddei yn in winkel oan it Ruterskertier yn Ljouwert troch it lint gien. In befeiligingsmeiwurker soe him de winkel útsette, mar dat wegere er. De plysje hat him doe oanhâlden. It die bliken dat er ûnder ynfloed fan drank of drugs wie.
Yn de plysje-auto en yn de sel gie de man mar troch mei razen. De plysje fûn yn syn klean tsien pûdsjes mei speed, twa fleskes mei GHB en fjoerwurk. In GGD-dokter hat de man ûndersocht.