H'fean oefent tsjin Olympiakos

SC Hearrenfean sil yn de tarieding op it nije seizoen oefenje tsjin de 38-fâldich Gryks kampioen Olympiakos Piraeus. Fierder komt de ploech ûnder oare noch yn aksje tsjin it Spaanske Real Mallorca.
De ploech fan Ron Jans giet op 22 maaie op simmerreses. Op 23 juny set de tarieding op it nije seizoen wer út ein. Yn july stiet der noch in trainingskamp yn België op it program. Yn België wurdt spile tsjin AA Gent.