Gjin ryksjild foar Wyldemerk

Foto: Omrop Fryslân
It kabinet wol gjin jild mear stekke yn de Wyldemerk by Harich. PvdA-keamerlid Lutz Jacobi hie dêrom frege. De skoalle foar probleemjongeren moat noch in kâns hawwe, fynt se. Neffens Jacobi hat de ynstelling gjin earlike kâns krige om him te bewizen.
Neffens steatssekretaris Veldhuijzen van Zanten moat de provinsje de skoalle fierder betelje. Mar de provinsje wol dat net. As der gjin oplossing komt, moat de skoalle dit jier noch ticht.