Minder lintsjes as oars

29 apr 2011 - 12:36

108 Friezen hawwe freedtemoarn in keninklike ûnderskieding krige. Dat binne minder as ferline jier (145) en en yn 2009 (143). Dit jier sit der gjin inkelde bekend Fries by. Yn Lemsterlân, Harns en op It Amelân krige gjinien in lintsje. Dochs wie der yn Harns wat te rêden, want der wie in gearkomste fan minsken dy't earder alris in lintsje krige hawwe.

Fan de 108 dy't no in lintsje krige, wiene mar 29 froulju. Dat komt oerien mei it lanlike byld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)