Man slacht plysje by Weaze

In 36-jierrige Ljouwerter is tongersdeitemiddei oanhâlden nei't er in plysjeman slein hie. De man hearde by in groepke dat omhong by De Weaze. De fiif manlju krigen in boete fanwege in groepsferbod dat dêr fan krêft is.
De Ljouwerter waard lilk. Doe't in plysjeman him frege om rêstich te wurden, krige de plysje klappen. De agressive man is fuortendaliks oanhâlden en meinaam nei it buro. Hy sit noch fêst.