Burgum útskeakele tsjin Urk

© Omrop Fryslân
Burgum is yn de kwartfinale fan de noardlike fuotbalbeker útskeakele. Yn en tsjin Urk waard it yn in spektakulêre wedstriid 5-3. By it skoft stie de thúsploech al foar mei 3-1. Burgum kaam nei de tee werom oant 3-2. Mar dêrnei rûn Urk út nei 5-2. De Burgumers setten noch alles op alles, mar mear as ien doelpunt smiet dat net op. Foar Burgum skoarden Klaas de Boer, Arton Musliu en Aziz Geyik.
Urk spilet no de heale finale tsjin Harkemase Boys yn De Harkema.