Lêste seizoen foar Schievink

28 apr 2011 - 20:22

Fierljepper Henk Schievink hâldt oan de ein fan dit seizoen op. Dat sei hy tongersdei yn it Boppeslach Kafee. De 32-jierrige ynwenner fan Ljouwert hat sa'n 15 jier aktyf west yn de sport. Yn syn karriêre waard hy fjouwer kear Frysk kampioen, foar it lêst yn 2007. Hy wûn ek noch ferskate oare grutte wedstriden, mar Nederlânsk kampioen waard hy noait.

Schievink wol dit jier noch graach syn persoanlik rekôr ferbetterje oant boppe de 20 meter. No is dat 19.40 m.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)