Nije brêge yn bosk Olterterp

28 apr 2011 - 19:15

Yn de bosk fan Olterterp is tongersdei in nije brêge pleatst by de fiver achter it Wite Hûs. Troch it pleatsen fan de brêge kinne kuierders it histoaryske 'Ommetje fan Van Boelens' wer rinne. De brêge is makke troch studinten fan De Friese Poort yn Drachten yn opdracht fan de Stichting tot Bevordering van Toerisme fan Beetstersweach en Olterterp.

It Ommetje fan Van Boelens by de fiver lâns mei de 12 apostelen kin no foar it earst sûnt 17 jier wer rûn wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)