Nije rûnwei foar Akkrum

28 apr 2011 - 17:28

Akkrum krijt nei 50 jier praten in rûnwei. Dat binne de gemeente Boarnsterhim en wenningkorporaasje Elkien tongersdei oerienkommen. Boppedat wurde twa âlde wenwiken yn Akkrum (Sinnebuorren) en Grou (Prinsessebuert) opknapt.

De trije projekten kostje mei-elkoar 54 mijoen euro. Dêrfan betellet Elkien 45 miljoen, de oare 9 miljoen komme foar rekken fan Boarnsterhim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)