Passazjiers kinne út de trein

By it treinûngelok tongersdei by Goutum is ien frou ferwûne rekke. De dûbeldeks yntercitytrein fan Swolle nei Ljouwert botste tsjin fjouweren op de spoarwei-oergong by Barrahûs by Goutum op in trekker mei oanhinger. Op dy oanhinger leine keunstof buizen. De bestjoerder fan de trekker seach de trein oankommen en joech fol gas. De oanhinger bleau lykwols hingjen, wêrtroch de trein de buizen fol rekke. Ien fan de buizen waard lansearre. De trekkersjauffeur kaam mei de skrik frij.