Trein botst op trekker

28 apr 2011 - 16:19

De dûbeldeks yntercitytrein fan Swolle nei Ljouwert is tongersdeitemiddei krekt bûten Goutum op in trekker mei in oanhinger mei buizen botst. Neffens de earste ynformaasje binne der ferskillende passazjiers ferwûne rekke, ambulânsepersoniel is oanwêzich. De trein hat in soad skea.

De passazjiers kinne net út de trein, omdat troch de botsing de doarren op de ûnderste etaazje fersetten binne en dêrtroch alle oare doarren blokkearre binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)