Heech wetter yn de Iselmar

It wetter yn it Iselmar stiet op dit momint op it heechst mooglike peil. Dizze previntive maatregel fan Rykswettersteat is naam foar dat de droechte noch langer oanhâldt. Dat bart wol faker, mar hast noait sa betiid yn it jier.
Op it stuit komt der de helte minder wetter troch de Isel yn it Iselmar. Dêrom binne de sluzen yn de Ofslútdyk ek tichtsetten. Wol brûke wetterskippen it Iselmarwetter om de eigen boezem op peil te hâlden.