Gouden liuwke foar Van Olffen

In "Gouden Leeuwtje" foar Jan van Olffen
Jan van Olffen fan Ljouwert hat woansdei fan boargemaster Crone in "Gouden Leeuwtje" krigen. Hy krige dat û.o. foar it feit dat hy 25 jier riedslid is. Mar ek op maatskiplik flak hat Van Olffen in soad út de wei setten. Sa wie hy belutsen by organisaasjes op it mêd fan sport en sûnenssoarch, lykas Tjallingahiem, it Frysk skaakbûn en de provinsjale sportpriis.
It "Gouden Leeuwtje" is in fergulde spjelde.