Postma en Bouwmeester op dreef

Pieter-Jan Postma stiet nei de fjirde dei fan it wrâldbekersilen yn Hyères noch altyd op it twadde plak. Yn de sânde race mei in bytsje wyn waard er yn de Finn fiifde. Roelof Bouwmeester helle mei in 31e plak yn race njoggen syn ôflûkresultaat. Fierder waard er yn de Laser tredde en njoggende. Hy stiet fjirde yn de tuskenstân.
Marit Bouwmeester sakke troch in diskwalifikaasje en in 22e plak út de top tsien. Yn de Laser radial klasse stiet se no alfde.