Malêze bou soarget foar drokte

27 apr 2011 - 19:40

Treppebouwer Nijholt Staal en Machinebouw op It Hearrenfean siket nij personiel. Fanwege malêze yn de brânsj hat it bedriuw it oant 2012 smoardrok. It hat op dit stuit net genôch minsken om it wurk oan te kinnen.

Nijholt makket treppen en glêsbalustrades. It bedriuw krige de ôfrûne wiken in soad oanfragen fan oannimmers om kerweien oer te nimmen fan bedriuwen dy't yn swier waar sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)