Nije wyk foar Dolsterhuzen

Yn Dolsterhuzen komt in nije wenwyk
Yn Dolsterhuzen begjint tongersdei de oanlis fan in nije wyk oan de westkant fan it doarp. Yn de wyk komme 40 nije huzen, 50 rekreaasjewenningen, in kemping en in haven. Yn de haven kinne goed fjirtich boaten lizze.
Ynwenners fan Ychtenbrêge en Dolsterhuzen ha meiholpen oan it ûntwerp fan de wyk. Der wiene ferskate workshops dêr't ynwenners harren winsken en ideeën útwurkje koene. Dy binne meinaam yn it úteinlike ûntwerp.