Soargen oer personiel Q-liners

27 apr 2011 - 17:26

It fakbûn FNV makket him bot soargen oer it personiel fan de Q-liners. Dy busferbining tusken Grins en Lelystêd wurdt tenei dien troch ferfiersbedriuw Arriva. It giet yn earste ynstânsje om in perioade fan oardel jier.

Dat is behoarlik koart, en dêr sit wat it FNV oanbelanget no krekt it probleem. De fraach is wat der bart mei it personiel neidat dy perioade ôfrûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)