OSF dochs yn Earste Keamer

27 apr 2011 - 10:44

It is it sittende regear net slagge om troch de Unôfhinklike Senaatsfraksje in ekstra sit te krijen yn de Earste Keamer en dêrmei in mearderheid yn dy Keamer. Dat seit foarsitter Jabik van der Bij fan de OSF, dêr't ek de FNP yn fertsjinwurdige is.

Tiisdei wie der noch in debat yn de Twadde Keamer omdat premier Rutte en PVV-lieder Wilders it Sieuske steatelid Johan Robesin yn it 'torentje' oerhelle hiene net op de OSF te stimmen, mar op de PVV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)