Oertocht djoer troch ôfspraken

27 apr 2011 - 07:25

Rederij Doeksen en meiwurkers fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat hawwe jierrenlang de prizen foar oertochten tusken Harns en Flylân en Skylge keunstmjittich heech hâlden. Dat skriuwt de Telegraaf woansdei.

Neffens de krante docht soks bliken út fertroulik e-mailferkear. It heechhâlden fan de prizen wie bedoeld om nijkommers te kearen. In klokkelieder soe de e-mails besoarge hawwe by ien fan dy nijkommers, de Eigen Veerdienst Terschelling (EVT).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)