Betide kontrôle swimwetter

26 apr 2011 - 21:41

It swimseizoen is troch it moaie waar dit jier al folle earder iepene as oare jierren. Net allinnich yn de swimbaden, mar ek yn it bûtenwetter is al folop swommen.

De provinsje is dêrom al úteinsetten mei de kontrôle fan 49 swimplakken yn it bûtenwetter. By dy kontrôles wurdt sjoen nei de helderheid en de soergraad fan it wetter en oft der ek baktearjes yn sitte. As saken net ynoarder binne kin de provinsje in swimferbod ynstelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)