Militêren oefenje yn Dokkum

26 apr 2011 - 21:13

In pear hûndert militêren hâlde woansdei in oefening yn de binnenstêd fan Dokkum. Doel fan de oefening is dat de bataljonsleden leare hoe't se yn beboud gebiet doelen trochjouwe oan piloaten fan F16's. Ek wurdt oefene om taktyske ynformaasje fan gewoane boargers te krijen. By operaasjes yn it bûtenlân is soks hiel belangryk.

Spesjaal foar de oefening wurdt in part fan it gemeentehûs tydlik ûntromme. Jûns hâlde de militêren op in yndustryterrein sjitoefenings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)