Problemen mei útkearings

26 apr 2011 - 20:39

Tsientallen Friezen mei in útkearing komme yn de finansjele problemen omdat it UWV de útkearings yn juny acht dagen letter oermakket. Dy ynstânsje makke oars op de 15e it jild oer, mar fan juny ôf op de 23ste. Dit dogge se om gelyk te rinnen mei de útbetelling fan de leanen by bedriuwen.

By it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden komme de lêste wike hiel wat reaksjes binnen fan minsken dy't de perioade fan dy acht dagen net opfange kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)