Sakefrou fan it jier socht

Fryske sakefroulju wurde oproppen har oan te melden foar de ferkiezing van de 'sakefrou van it noarden fan 2011'. De ferkiezing wurdt organisearre om de byldfoarming fan de noardlike sakefrou te fersterkjen. Neffens de organisaasje is de sakefrou fan it jier in súksesfolle frou yn it bedriuwslibben mei in foarbyldfunksje yn har deistige wurk.
De ynskriuwings wurde troch in saakkundige sjuery beoardiele en ek it bedriuw wurdt besocht.