Tredde ynbraakfertochte pakt

De plysje hat by Terkaple in tredde fertochte oanhâlden fan in ynbraak oan de Transportwei op de Jouwer. Dy ynbraak wie tiisdeitemoarn. Earder waarden al twa ynbrekkers oanhâlden. Der is no noch ien fertochte op de flecht. By de syktocht is ek in helikopter ynset.
De plysje hat befestige dat de ynbrekkers oppakt binne by deselde loads dêr't freed in himpkwekerij fûn is. Dêr waard ek in bussjauffeur fêsthâlden waard.