Ynternetbedriuw Speak oernaam

26 apr 2011 - 15:24

Ynternetbedriuw Speak yn Surhústerfean is oernaam troch DreamTeam. Dat bedriuw is ferline jier oprjochte. Speak, mei goed 25 minsken yn tsjinst en festigings yn Surhústerfean en Amersfoort, bliuwt as namme bestean.

De kantoaren bliuwe ek dêr't se no binne. De bedoeling is dat it persoanielsbestân útgroeit nei sa'n 40 minsken. Klanten fan Speak binne ûnder oare Wagenborg, de NHL en Omrop Fryslân. Wat de oername DreamTeam koste hat, wurdt net bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)