Bolk nei brân wer yn Haulerwyk

Bolk Konstruksje yn Haulerwyk giet in jier nei de brân op 20 maaie offisjeel wer iepen. Op yndustryterrein De Turfstekker is in nije loads fan 5000 kante meter delset mei nije, moderne masines deryn.
De famylje Bolk hat in dreech jier achter de rêch. Nei de brân moasten se ferhúzje nei Easterwâlde, nijbouwe en no wer ferhúzje. Mar der koe trochwurke wurde en dat bestjut dat de sechstjin meiwurkers bliuwe koene. Der binne gjin klanten fuortgien.