Sterk en Van de Merwe ûnderdak

Muusse, Mol, Sterk en Van de Merve (foto: Neeke Smit)
Maria Sterk en Margo van de Merwe ha foar it nije maratonseizoen in nije ploech. Beide reedrydsters meitsje de oerstap nei Hoolwerf Heiwerken - FlevOnice. Neeke Smit, de âld-Skylger, is de ploechliedster.
Maria Sterk fan Hallum waard yn 2010 nasjonaal kampioen op natoeriis, Margo van de Merwe fan Wolvegea wûn it ôfrûne seizoen it jongereklassemint fan de KPN Cup. De oare twa rydsters yn it team binne Paula Mol en Kimberly Muusse.