TOP Noardwâlde alwer fernield

26 apr 2011 - 12:00

Noch gjin wike nei de iepening is it toeristysk TOP-transfearium yn Noardwâlde no alwer stikken. Fandalen hawwe de jûn fan peaskemoandei de digitale ynformaasjepeal en de oerkaping mei stiennen fernield. De foarsjenning hat mei-inoar 180.000 euro koste.

De organisaasje en de plysje nimme de saak heech op. De plysje ferwachtet meikoarten oanhâldings dwaan te kinnen. De fandalen binne troch befeiligingskamera's filme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)