Autorider mei kokaïne en hasj

26 apr 2011 - 11:50

In 22-jierrige man út Beetstersweach is oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed. De plysje waard tipt oer de bestjoerder dy't mei de auto parkeard stie oan de Suderskarren. De man like yn de war en wie hiel drok. Agenten seagen noch oerbliuwsels fan wyt poeier yn 'e auto lizzen. De man hie ek noch in pear gram hasj by him.

Der wie in fermoeden dat de man ûnder ynfloed fan drugs riden hie. Dêrom is er meinaam nei it plysjeburo. Dêr is him bloed ôfnaam foar ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)