Frontale botsing op Betonwei

26 apr 2011 - 11:11

Op de Betonwei by De Harkema is tiisdeitemoarn tsjin healwei njoggenen in auto frontaal op in feiwein fan de reiniging botst. Dy waard bestjoerd troch in 42-jierrige man út Odoorn. De automobiliste kaam fêst te sitten yn har wein en moast der troch de brânwacht úthelle wurde. De frou is mei ferwûnings oan it skouder nei it sikehûs yn Drachten brocht.

De rydbaan yn de rjochting fan Droegeham hat ûnder it rêdingswurk ôfset west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)