Suvelfraude foar rjochter

26 apr 2011 - 10:02

In man út Garyp is ien fan de haadfertochten yn in grutte suvelfraude foar de rjochtbank yn Roermond. Tolve fertochten moatte foarkomme. De fraude spile yn 2005. Fan fyftich boeren waard molke kocht en letter ferwurke bûten it kwotum om. Oer de tefolle produsearre molke is gjin superheffing betelle.

Net alle fyftich boeren komme foar de rjochter. Fjirtich hawwe in skikking akseptearre en betelje boetes oant 10.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)