Lang herstel Fochtelerfean

26 apr 2011 - 07:55

It Fochtelerfean is pas nei tsientallen jierren wer sa't it wie foar de grutte brân. Yn it gebiet gie op peaskemoandei oan de Drintske kant hûndert bunder fean ferlern. De planten en bisten hawwe dêr bot fan te lijen hân.

Oeren lang hat de brânwacht dwaande west om it fjoer te bestriden. Twa helikopters fan definsje binne ynset. Boeren yn de omkriten hawwe ek meiholpen mei jarretanks en trekkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)