Helikopter ynset by syktocht

26 apr 2011 - 07:28

De plysje hat moandeitemoarn nei in grutte syktocht twa fertochten oanhâlden fan besykjen ta ynbraak op 'e Jouwer. De manlju waarden by de ynbraak betrape en naaiden út mei in auto. Letter binne se rinnend fierder gien troch de greide. De fertochten hawwe nei alle gedachten in fjoerwapen by harren. Dêrom is in helikopter ynset om de manlju op te spoaren. Plysjes seagen twa fertochten fytsen yn Akkrum. De twa binne meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)