Aris docht noch mei

25 apr 2011 - 17:52

De basketballers fan Aris hawwe moandei in tredde wedstriid ôftwongen yn de play-offs tsjin Nijmegen. Yn in tige spannende pot rûn Aris yn de earste trije kwarten efter de feiten oan, mar sloech it team fan coach Pete Miller yn it lêste kwart ta.

By in efterstân fan 70-69 krige Arisspiler Todd Brown twa frije ballen dy't er benutte. It skoareferrin: 13-16, 29-30, 49-58 en 71-70. De wedstriid tsjin Nijmegen stiet foar tongersdei op it programma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)