Autobân lek stutsen

In 18-jierrige Jobbegeaster is yn de nacht fan peaskesnein op moandei op 'e Gordyk oanhâlden foar fernieling. Hy hie dêrby ek in autobân lek stutsen. De jonge sloech ta op de Merktrjitte. De plysje hold ek twa oare jonges oan. Mar út ûndersyk die bliken dat dy neat mei de fernielings te krijen hiene.
Yn Frjentsjer binne fjouwer jonges fan 19 jier oanhâlden, ek foar fernieling. Se wiene sjoen troch tsjûgen. De oanhâlding wie by in fytstunnel yn de buert dêr't it fandalisme plakfûn.