Drachtster thús oerfallen

25 apr 2011 - 15:37

De plysje siket tsjûgen fan de oerfal fan sneontemiddei yn in wenhûs oan 'e strjitte De Ie yn Drachten. Dêrby is in 29-jierrige Drachtster mishannele en bestellen. Fjouwer persoanen kamen samar syn hûs yn. Nei de mishanneling namen se elektroanika en kompjûterapparatuer mei. Der wienen op dat stuit in soad minsken op strjitte.

De fertochten koenen net lang dêrnei op de Drachtster merke oanhâlden wurde. De plysje siket noch mear tsjûgen fan de oerfal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)