Mariska Kramer stapt út

Mariska Kramer op archyf
Atlete Mariska Kramer is peaskemoandei by de maraton fan Utrecht útstapt. Nei 24 kilometer wie se te mislik om fierder te gean. De ynwenster fan Drachten wie de favorite by de froulju. Har doel wie om ûnder de 2 oeren en 35 minuten te rinnen.
Neffens Kramer lei har sikens net oan de waarmte, omdat se mei waarm waar oars altyd goed prestearje kin. Fries om utens Erik Negerman starte sterk by de manlju, mar eindige yn 'e efterhoede.