4 rydbewizen yn beslach naam

25 apr 2011 - 14:19

Fjouwer minsken binne dit wykein har rydbewiis kwytrekke. In automobilist út Uithuizen ried mei 149 kilometer yn de oere lâns in laserkontrôle oan de Kwelderwei by Kolummerpomp, dêr't 80 it maksimum is. In motorrider út Eksmoarre passearde op de Snitserwei by Boalsert mei 156 kilometer.

In motorrider út Hengelo ried mei 143 lâns de wurksemheden op de A32 by Aldskoat. Der mocht er 90.In motorrider út Leersum waard op de Rûnwei by Feanwâlden klokt op 173.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)