Truck mei oanhinger stellen

Fan in terrein oan de Neptunes op It Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op peaskesnein in frachtwein mei oanhingwein stellen. Meiwurkers fan it bedriuw ûntdutsen de stellerij de oare moarns. It giet om in frachtwein mei kenteken BN-HN-86 en in oanhinger mei kenteken WT-55-JX. Oft der ek guod yn de frachtwein lei, is net bekend.
In 42-jierrige man út Marrum hat oanjefte dien.