Wolvegea: Seis auto's útbaarnd

25 apr 2011 - 10:56

Seis auto's binne yn de nacht fan peaskesnein op peaskemoandei útbaarnd of se hiene swiere skea troch in brân yn in autobedriuw oan de Schuttevaerstrjitte yn Wolvegea.

De brân ûntstie yn auto's dy't op it terrein stiene. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De oarsaak fan de brân is noch net bekend, mar de plysje docht ûndersyk nei brânstifting. De 44-jierrige eigner fan De Lemmer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)