Fryske brânwacht helpt Drinte

Ferskate Fryske brânwachtkorspen helpe yn Drinte by de bestriding fan in natuerbrân yn it Fochtelerfean. Der soe sa'n fiif bunder yn de brân stean. De korpsen fan ûnder Appelskea, Beetstersweach, Drachten en East- en Weststellingwerf binne oproppen om te assistearen. Sneintejûn hat it korps fan Appelskea ek al holpen by in brân by Assen. Dêr is doe in stik heide by it TT-sirkwy ôfbaarnd.
Appelskea en Easterwâlde ha lêst fan de reek troch de brân yn Drinte.