Stoomlok net nei Nederlân

Foto: Omrop Fryslân
Yn Switserlân wurdt tiisdei besjoen oft de stoomlokomotyf dy't kocht is troch de Friese Stoomtrein Maatschappij út Snits út it lân wei mei. Masinisten fan de FStM hiene de lok ôfrûne wykein nei Stedskanaal bringe sillen, mar de Switserske autoriteiten woene dat net lije.
It die bliken dat de tsjettel en de branders fan de stoomlokomotyf net kontrolearre wiene. It is net dúdlik wannear't de stoomlokomotyf dan wol nei Nederlân mei.