Hooghiemster 2e yn Meerkerk

24 apr 2011 - 10:48

René Hooghiemster is sneon twadde wurden yn de Arno Wallaard Memorial. Op de einstreek yn Meerkerk wie Arne Hassink nei 200 kilometer krekt rapper as de Drachtster. Beide hurdfytsers wiene oerbleaun út in grutte kopgroep dy't yn it begjin fan de koers ûntstien wie.

De PWZ Zuidenveldtour waard wûn troch Bert-Jan Lindeman. Wim Stroetinga wie yn Nieuw Amsterdam de bêste Fries op it sânde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)