Training foar missferkiezing

23 apr 2011 - 16:22

Goed 20 froulju diene sneon mei oan de Miss Fryslân- en Grinslân-ferkiezings. It wie de earste echte trainingsdei. Ferskate profesjonals lykas de ynternasjonale kapper Richard Jordan binne ynhierd om de froulju op topnivo te krijen. Catwalk rinne, hier en make-up, alles moat perfekt wêze, en dat falt noch net ta.

Op 7 maaie is de finale fan Miss Fryslân yn Ljouwert. De winner nimt it op tsjin alle oare provinsjale winners yn de Miss Nederlân-ferkiezing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)