Jonge oppakt foar misledigjen

© Omrop Fryslân
In jonge (16) út Ljouwert is freedtenacht op it Ruterskertier yn de stêd oanhâlden. Hy hie in plysje misledige. Om goed trije oere krige de plysje in melding dat in groep jonges fytsen yn de grêft smieten.
Alle fjouwer jonges krigen dêr in bekeuring foar. De 16-jierrige woe net om lyk en misledige de plysje in pear kear. Doe't de plysje him oanhâlde woe, fersette er him heftich. Uteinlik koed er yn de boeien slein wurde en is er meinommen nei it buro.