Wapens yn beslach naam

22 apr 2011 - 20:20

Yn in wenning oan de Grote Kerkstraat yn Ljouwert is in tal ferbeane wapens oantroffen. De plysje hie in anonime tip krigen en brocht in besite oan de wenning fan in 34-jierrige Ljouwerter. Der waarden twa gasalarmpistoalen fûn, ferskate soarten patroanen, boksbeugels en in saneamde ploertedeader.

It guod is yn beslach naam. Tsjin de eigner is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)