Learlingen winne ûntwerppriis

OSG Sevenwolden wer yn de prizen
Learlingen fan OSG Sevenwolden fan It Hearrenfean ha lykas ferline jier it bêste technyske ûntwerp junior wûn. Dat is in kompetysje dy't organisearre wurdt troch de TU Delft. Lisanne Braams, Freya Liemburg, Durk van der Meer en Wouter van Zomeren hiene de 'Tracky' betocht.
Dit is in apparaatsje foar in kaaihinger. Der sit in ôfstânsbetsjinning by. As je dêr op drukke dan begjint it te piipjen en kinne je de kaaien werom fine.