Ungelok op A6 by Sint Nyk

22 apr 2011 - 17:20

Ferkear út it suden wei moat freedtemiddei op de A6 rekken hâlde mei opûnthâld. Tusken Sint Nyk en De Jouwer is in ûngelok bard. Dêrby is ien persoan ferwûne rekke. De automobilist moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hjirtroch ûntstie in lange file.

Der waard freed ek blokriden op de Jouster rotonde om sa it ferkear better trochstreame te litten. File wie der foaral út de rjochting fan Snits.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)